Jachtwerf Breehorn fallyt

07 des 2011 - 15:52

Jachtwerf Breehorn yn Wâldsein is fallyt ferklearre. De direksje hat sels in fallisemint oanfrege om't de produksje fan lytsere sylboaten lykas de polyvalk ynsakke is. De ferkeap fan lúkse jachten koe dat net opfange. De werf koe fierder gjin kredyt mear krije fan de bank. Der wurkje alve minsken. Kurator Matthijs Sturms sjocht goeie kânsen op in flugge trochstart fan it bedriuw. Der lykje net in hiel soad skulden te wêzen, mar Sturms kin noch gjin bedraggen neame. Breehorn bestiet al 40 jier en hat in goede namme yn de merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)