Lestige operaasjes beheind

07 des 2011 - 12:15

Fiif yngewikkelde operaasjes wurde fan takom jier ôf net mear yn guon Fryske sikehuzen dien. Yn Sionsberg yn Dokkum wurde gjin boarst- en dikke termoperaasjes dien. Yn it Antonius yn Snits giet it om slokterm, yn it Ljouwerter MCL binne dat alfleisklieroperaasjes en yn Drachten yn Nij Smellinghe blaasoperaasjes. Pasjinten kinne foar de operaasjes noch wol yn oare Fryske sikehuzen terjochte. De sikehuzen ha dit ôfpraat mei de soarchfersekerders.

Der binne nije noarmen foar yngewikkelde operaasjes, mei as doel de kwaliteit te ferbetterjen. Sa moatte der ûnder oare in minimum tal operaasjes dien wurde.

Trefwurden: 
sikehûs operaasjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)