Acht ynsprekkers oer KH 2018

07 des 2011 - 10:23

De steatekommisje is woansdei begûn mei de diskusje oer de kandidaatstelling fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd yn 2018. De kommisje moat beslute oft se de kommende twa jier 1,2 miljoen beskikber stelle wolle om de kandidaatstelling út te wurkjen. De ferwachting is dat de behanneling langer duorret as it oere dat der foar útlutsen is. Acht ynsprekkers woene har sechje dwaan oer de Kulturele Haadstêd.

Sân dêrfan wiene foarstanners lykas boargemaster Ferd Crone en Oerol-direkteur Joop Mulder. Arsjitekt Rein Hofstra is tsjinstanner. Neffens him binne in soad foarstanners net objektyf om't sy al subsydzje fan de provinsje krije. Neffens berekkeningen is der 60 oant 70 miljoen nedich om Ljouwert ta Kulturele Haadstêd te meitsjen. Der leit in idee om in Fryske keamer yn te stellen, dêr't bestjoerders en saakkundigen ideeën yn toetse kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)