Fibula net ferkocht

06 des 2011 - 22:28

Der is tiisdeitejûn op de sulverfeiling fan feilingshûs Ald Fryslân gjin bod útbrocht op de seldsume fibula dy't fûn is by Blije. Dizze spjelde út de alfde of tolfde ieu wie te keap foar 12.000 euro.

Neidat ek in priis fan 8000 euro net helle waard, is it stik út de feiling helle. De eigener krijt it stik no wer werom. De eigener fan in sulveren rûkersdoaske hie mear geluk. Syn stik gong foar 13.000 euro oer nei in Fryske samler. Neffens Ald Fryslân wie de sulverfeiling in grut sukses.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)