Tsjerken yn aksje om Sionsberg

De tsjerken yn Dokkum slute harren oan by de aksje om sikehûs De Sionsberg te behâlden. It sikehûs is eartiids troch in inisjatyf fan de tsjerken en masssale stipe fan de befolking oprjochte. It Interkerkelijk Platform Talma Sionsberg, dêr't sawat alle tsjerken by oansletten binne, ropt de befolking op ta ferset.
It platfoarm is derfan oertsjûge dat de oankundige reorganisaasje it begjin fan de ein is. De tsjerken binne kritysk oer de rol fan de ynspeksje en soarchfersekerder De Friesland. It platfoarm hopet dat de befolking like manmachtich yn aksje komt as doedestiids by de oprjochting. Sneon is der in aksjedei foar it behâld fan de Sionsberg. Ek wurde der hantekeningen ynsammele foar in petysje op www.reddesionsberg.nl.