Lotterij nij Thialf goedkard

06 des 2011 - 16:00

Der kin in nasjonale sportlotterij komme om jild yn te sammeljen foar in nij Thialf. De Twadde Keamer hat tiisdei ynstimd mei in moasje fan VVD-Keamerlid Bart de Liefde. De iisbaan op It Hearrenfean wurdt no offisjeel oanmurken as goed doel.

VVD'er De Liefde woe it makliker meitsje om bydragen oan in ynsamling foar Thialf jaan te kinnen, omdat donateurs skinkings dan fan de belesting ôflûke kinne. Hy wol dat omdat it ryk gjin jild hat om sels in bydrage te jaan oan in nij iisstadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)