Skylge wurdt hieltyd lytser

© Omrop Fryslân
Skylgers meitsje harren der soargen oer dat it eilân hieltyd lytser wurdt. Foaral oan de eastkant, op de Boschplaat, ferdwine in soad dunen en strân yn see. It Platform Duurzaam Landschap Terschelling hat de ôfslach goed in moanne byhâlden en is kjel wurden fan de útkomsten.
It Platform Duurzaam Landschap Terschelling en bewenners fan Skylge fine dat der sân stoart wurde moat yn see om de ôfslach tsjin te gean. Steatsboskbehear fynt it spitich dat natoergebiet yn see bedarret, mar kin dêr neat tsjin dwaan.