Jildkistje út kream stellen

14 aug 2012 - 10:51

In 30-jierrige man út de gemeente Hearrenfean is moandeitejûn oanhâlden foar stellerij fan in jildkistje. Dat stie yn in fruitkreamke oan de Bisskopsleane yn Ketlik. In tsjûge seach dat de man it kistje meinaam en warskôge de plysje.

De man woe net mei doe't er oanhâlden waard. Hy fersette him en misledige de plysjeminsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)