Auto's fernield yn Kollum
Yn Kollum binne de lêste dagen ferskate auto's fernield. De fandalen sloegen ta yn de Meerkoetstrjitte, de Kievietstrjitte, de Van Bootsmaleane, de Beline en de Uniahof. Se sloegen spegels derôf en stutsen bannen lek.
De plysje hat al ferskate oanjeftes krige, mar tinkt dat der noch mear slachtoffers binne. Dy wurde oproppen ek oanjefte te dwaan.