Undersyk nei fiskstân

14 aug 2012 - 10:10

Wetterskip Fryslân set fan 'e wike útein mei in grut ûndersyk nei de fiskstân. Der wurdt sjoen nei oantallen, soarten, gewicht en kondysje fan de fisk. Dêrmei wol it wetterskip útfine hoe sûn it wetter is foar alles wat dêryn libbet.

It ûndersyk nei de fiskstân fynt ien kear yn de trije jier plak. De mjittings binne dizze kear op sechstjin plakken, ûnder oare de Tsjonger, de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, de Deelen, it Nannewiid en de marren yn it súdwesten fan de provinsje.

Twa ûndersyksburo's en de Fryske beropsfiskers fiere it ûndersyk út. Alle fisk wurdt weromset.

Trefwurden: 
fiskstân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)