Plysje siket maskere bellers

14 aug 2012 - 08:01

De plysje yn Drachten hat moandeitejûn in boargernetaksje hâlden nei't twa persoanen de bewenners fan de Wetterwille en Orion lestich foelen. Se bellen mei in bargemasker en in kninemasker op by minsken thús oan. Neidat de bewenners iependien hiene, smieten se moal nei binnen. Dêrnei naaiden se út op in scooter.

Oan de boargernetaksje diene achthûndert minsken mei. It duo is noch net fûn. Ien fan de maskere persoanen is 1.80 meter grut. De dieders kinne manlju of froulju wêze. De plysje giet derfan út dat se 16 jier of âlder binne.

Trefwurden: 
burgernet oanbelje maskers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)