Schuil/Nummerdor net op NK

13 aug 2012 - 19:22

De beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor sille dit wykein net yn aksje komme op it Nederlânsk kampioenskip yn Scheveningen. Dêrmei ferdigenje se harren titel net. Schuil en Nummerdor binnen noch oan it bykommen fan de Olympyske Spelen. It slagge de beide manlju net om in medalje te heljen. De wedstriid om it brûns waard yn trije sets ferlern. Se sille snein wol as taskôgers by it NK wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)