Sietske H. foar gerjochtshôf

© Tekening Aloys Oosterwijk
Op 27 septimber wurdt de saak-Sietske H. behannele troch it gerjochtshôf yn Ljouwert. De Oldenkotteklinyk yn Rekken is dan klear mei it rapport oer de frou dy't fjouwer fan har eigen lytse poppen om it libben brocht hat.
Sietske H. waard earder feroardiele ta tolve jier selstraf. Se gie dêrtsjin yn berop. As ûnderdiel fan dat heger berop is se sân dagen ûndersocht yn in klinyk. It ûndersyk is útfierd troch trije gedrachssaakkundigen. Dy hawwe harren befinings yn in rapport set. Dat sil op de sitting behannele wurde.