Folle mear falliseminten

It tal falliseminten yn Fryslân is it earste healjier fan 2012 mei 60 prosint tanaam neffens deselde perioade yn 2011. Fryslân sit fier boppe it lanlik trochsneedsifer. Allinnich yn Gelderlân is it noch mâler gien. De sifers binne moandei troch it Sintraal Buro foar de Statistyk bekend makke.
Troch de earste krisis fan 2009 hawwe bedriuwen net genôch reserves om de krisis fan no oerlibje te kinnen. Fryslân hat in soad boubedriuwen en lytsere bedriuwen, en is dêrom kwetsberder.