Geotermysk ûndersyk yn Fryslân

Enerzjbedriuw Transmark Renewables út Amsterdam hat by it ryk in konsesje oanfrege om yn Fryslân op grutte djipte nei hyt wetter te boarjen. It bedriuw begjint net fuortendaliks mei grutte boarputten. It giet ynearsten om in ûndersyk nei de mooglikheid om yn Fryslân mei help fan hyt wetter op 4 kilometer djipte enerzjy op te wekken.
Transmark Renewables past de technyk al ta yn Turkije en Sili en wol no wite oft it ek yn Fryslân mooglik is om de ierdwaarmte op grutte djipte nei boppe te heljen.
Transmark Renewables hat grutte ferwachtings fan de technyk. Neffens in wurdfierder kin saneamde geotermy in folle gruttere bydrage oan it enerzjyfraachstik leverje as sinne- en wynenerzjy. It giet wol om in djoere technyk. Ien bouput kostet al rûchwei 40 oant 50 miljoen euro. Mar omdat it om in enerzjyboarne giet foar de tige lange termyn, komt dy ynvestearring der nei ferrin fan tiid wol wer út. It ûndersyk nei de mooglikheden foar geotermy yn Fryslân sil op syn gaust yn 2015 klear wêze.