Dronkeman klapt op blombakken

13 aug 2012 - 10:58

In dronken bestjoerder út Bergen op Zoom hat sneintejûn in ûngelok hân yn Nes op It Amelân. De 63-jierrige man ried mei syn auto tsjin de blombakken fan in hoarekagelegenheid. Doe't er útstapte, stapte er oer de foet en prate er mei in slach yn 'e tonge.

In tsjûge warskôge de plysje. Dy sloech de man yn 'e boeien en naam him mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)