Tsjerke Pepergea te keap

De Pieter Stuyvesanttsjerke yn Pepergea stiet foar 225.000 euro te keap. Ruud van der Hoeven is sûnt 2005 eigener en is der no mei oan. Sneon hie er iepen dei yn syn tsjerke. Yn 'e tsjerke mei net wenne wurde om't der in tsjerkhôf neist leit. De eigener brûkt de tsjerke no foar eksposysjes, konserten en begraffenissen. Der wurdt socht nei ien dy't dat oernimme kin.
Pieter Stuyvesant is doopt yn 'e tsjerke en de heit fan Stuyvesant wie der dûmny.