Stel mishannele yn Snits

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje hat sneontejûn yn Snits twa froulju oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Nei't de jonkjes fan beide partijen fochten hiene, gie de oanjouwer nei de fertochte om der oer te praten. De frou sloech de oanjouwer yn it gesicht wêrby't er 4 tosken ferlear. Syn frou dy't mei wie, waard mei de holle op de grûn slein. In frou dy't yn it hûs fan de fertochte wie, die mei oan de mishanneling.
De plysje hat beide fertochten (34 en 46 jier) oanhâlden. De slachtoffers binne yn it sikehûs behannele.