Westra fjirde yn tiidrit

Lieuwe Westra © ANP
Lieuwe Westra is yn de sechsde etappe fan de Eneco Tour, in tiidrit oer 17,4 kilometer, fjirde wurden. De Tynster moast 18 sekonden tajaan op de Kanadees Svein Tuft. Troch de winst is Tuft ek de nije lieder. De Amerikaan Taylor Phinney waard twadde op fiif tellen fan Tuft. Lars Boom klimt troch syn tredde plak, seis tellen stadiger as Tuft, nei it twadde plak yn it klassemint. Lieuwe Westra is alfde op 49 tellen. Snein is de lêste etappe oer 214 kilometer fan Maldegem nei Geraardsbergen.