Helmholt wint FK fierljeppen

11 aug 2012 - 16:21

De spanning op it FK fierljeppen yn Winsum siet sneon by de senioaren en de froulju. Thewis Hobma sprong as earste oer de 20 meter (20.09). Bart Helmholt gie der oerhinne mei 20.17 meter. Dat wie foar Helmholt genôch om syn fyfde titel binnen te heljen. By de froulju wie de 15.58 fan Hilianne van der Wal de fierste ôfstân. Klaske Nauta ljepte trije sentimeter minder fier. Tom Hoekstra waard mei 17.53 kampioen by de jonges. By de junioaren wie Hans Ulco de Boer mei 18.19 fierwei de bêste. 

Troch de moaie omstannichheden wiene de ferwachtings heech. Dat kaam der yn de ferskillende kategoryen net út. Spanning wie der wol en dat wie foar it manmachtich opkommen publyk fansels ek geweldich.

Trefwurden: 
FK fierljeppen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)