Tony Brundel wint by Hylpen

11 aug 2012 - 16:07

De Lytse Lies fan skipper Tony Brundel kaam sneon as earste oer de finish by de earste silerij fan de IFKS. Twad op it wetter by Hylpen waard Jelle Talsma en tred Jeroen de Vos út Ealahuzen.

De hieltyd mar wer feroarjende wyn dy't matich wie, soarge foar in aparte wedstryd. Troch dizze wyn wie de start fiif minuten útsteld. Tony Brundel sile in grut part fan de wedstriid oan kop, mar de wedstryd wie pas krekt foar de finishline beslist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)