Finalisten jonges FK bekend

Tom Hoekstra yn de pols © Omrop Fryslân
By it FK fierljeppen yn Winsum binne de trije finalisten by de jonges al bekend. Bobby Zwaagman, Jan Teade Nauta en Tom Hoekstra wiene de bêste ljeppers. Se binne allegear by de klup út Drylts. Hoekstra sprong mei 17.53 meter it fierste.
De junioaren, froulju, senioaren en topklasse springe noch. Oane Galama fan It Heidenskip liet al in bêste sprong sjen fan 19.44 meter.