Frou bedrige mei nepwapen

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In frou (26) út Ljouwert is freedtejûn yn har wenning oanhâlden foar bedriging. Earder dy jûn wie in melding binnenkaam dat in frou (28) út Ljouwert bedrige waard. De fertochte soe mei in fjoerwapen út it rút fan har wenning hongen hawwe. Yn de wenning fan de fertochte fûn de plysje in nepwapen. De fertochte is oanhâlden. It is noch net dúdlik wêrom't de fertochte it slachtoffer bedrige.