Jonge fernielers yn Snits

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje hat freedtenacht yn Snits trije jonges oanhâlden foar fernieling. De jonges út Kropswolde (17 en 18) en Hoogezand (18) wiene earder op 'e jûn oansprutsen op har gedrach doe't se mei in bankje oan it slepen wiene. Letter seagen aginten dat de jonges opnij mei guod oan it slepen wiene. De jonges moasten de fjouwer putdeksels dy't se meinaam hiene werombringe. Dêrnei binne se meinaam nei it buro.