Looman langer as boargemaster
Waarnimmend boargemaster fan Skarsterlân, Mary Looman, bliuwt in jier langer boargemaster as de bedoeling wie. Looman wie eins oansteld oant ein dit jier, nei de foarming fan de nije gemeente Friese Meren. De fúzje fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat yn Friese Meren is earder al mei in jier útsteld nei 2014. Dêrom bliuwt Looman in jier langer waarnimmend boargemaster.