Debút Schokker Cambuur

11 aug 2012 - 12:55

Oebele Schokker makket snein syn debút yn it earste fan Cambuur. De rjochtsbûten begjint yn de basis yn de útwedstriid tsjin FC Volendam. It is de earste wedstriid fan it nije seizoen. Ek Mart Dijkstra begjint yn de basis. Leon Broekhuis is noch net wedstriidfit. Dijkstra foarmet mei Tim Bakens it sintrum fan de ferdigening. Michiel Hemmen begjint yn de spits. Hy hat de striid om de spitsposysje foarearst wûn fan Martijn Barto. Erik Bakker, Martijn van der Laan en Vincent Weijl kinne noch net spylje. Sy komme werom fan blessueres.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)