Graffitykeunst yn fytstunnel

11 aug 2012 - 12:24

Sa'n 30 graffitykeunstners fleurje sneon in fytstunnel yn Drachten op. De tunnel giet ûnder de A7 troch tusken de Martin Luther Kingsingel en it Suderein. It is legaal, want de gemeente hat de opdracht jûn. De keunstners meitsje in keunstwurk om foar te kommen dat fandalen der in rommeltsje fan meitsje. Nei alle gedachten is it wurk om 21.00 oere klear.

Trefwurden: 
Drachten graffity
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)