Miljeustrjitte Jouwer fernijt

11 aug 2012 - 12:03

De miljeustrjitte op De Jouwer wurdt flink ferboud. Sûnt 1994 is der neat mear oan dien en it foldocht net mear oan de easken en it moat dêrom oanpast wurde. Oant 20 augustus kinne de ynwenners fan Skarsterlân har ôffal dêr net kwyt.

De ferbouwing duorret twa moanne en kostet 600.000 euro. De miljeustrjitte wurdt útwreide en der komme touch-screens by de yngong. Minsken dy't ôffal bringe, moatte hjir sels gegevens ynfiere, sadat it personiel by de miljeustrjitte mear tiid hat om te helpen by it skiftsjen fan ôffal.

Oant en mei 24 septimber is in tydlik miljeuterrein op de gemeentewerf. Tiisdei 25 septimber giet de ferboude mileustrjitte wer iepen.

Trefwurden: 
De Jouwer miljeustrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)