Tsjûgen socht fan mishanneling

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling op 29 july fan in ynwenster (40) fan Seisbierrum. De frou rûn middeis oer de Frousleane, hearde in scooter oankommen en fielde in klap op har rêch. Doe't se mei har hân op 'e rêch fielde, siet dy ûnder it bloed.
Nei alle gedachten is se mei in skerp foarwerp yn de rêch stutsen. Op de scooter sieten twa minsken. Dy ried fuort yn de rjochting fan de Liauckemaleane.