IFKS-silerij begjint sneon

It IFKS-skûtsjesilen begjint sneon mei de earste wedstriid by Hylpen. De skippen farre yn 4 klassen. Ien ding is dit jier wis: de A-klasse krijt in nije winner. Regearjend kampioen Sieb Meijer hat it helmhout oerdroegen oan syn dochter. Sy moat dit jier begjinne yn de C-klasse. Mei elkoar dogge 61 skûtsjes mei, ferline jier wie dat 65.
Omrop Fryslân folget de silerij en docht ferslach op de radio en op televyzje yn it Skûtsjesjoernaal.