Frou ferwûne by ûngelok A7

10 aug 2012 - 19:58

In 27-jierrige frou út Drachten is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Wytmarsum. De frou siet yn de auto by in 68-jierrige bestjoerder út Drachten.

Dy woe ûnderoan de ôfrit links ôfslaan, mar seach dêrby in 21-jierrige automobiliste út Readtsjerk oer de holle. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)