Jonkje Boalsert fan beäzeming

It giet better mei it jonkje fan goed ien jier dat ferline wike tongersdei oerboard sloech by it skûtsjesilen op de Langwarder Wielen. Hy is freed fan 'e beäzeming helle. It jonkje waard yn it sikehûs yn Grins 48 oeren yn 'e sliep hâlden.
It is it soantsje fan de fokkenist fan it Boalserter skûtsje. Hy siet yn in bernestuoltsje op ien fan de folchskippen en foel troch de skommeling fan in hekgolf yn it wetter. Omstanners koene it berntsje rêde troch der fuortendaliks achteroan yn it wetter te springen.