Mega-drainaazje yn Boalsert

10 aug 2012 - 16:58

De grutste fertikale drainazjemasine fan 'e wrâld is tongersdei yn Boalsert yn gebrûk naam. De kraan is 65 meter heech en kin oant in djipte fan 60 meter. De masine is boud yn opdracht fan grûnbedriuw Wicks. Dy sil de masine brûke yn Singapore by in havenútwreiding.

In grut tal Fryske bedriuwen hat oan 'e bou meiwurke. Miedema machineservice fan Sint Anne hat it yn inoar set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)