Sylsters brûns ha Fryske coach

Westerhof en Berkhout: brûns mei help fan Fryske coach © ANP
It brûns fan sylsters Lisa Westerhof en Lobke Berkhout fan freed op de Olympyske Spelen hat ek in Fryske ynbring. Se wurde coached troch Jacco Koops fan It Hearrenfean. Koops wie yn 1992 sparringpartner op de Mistral plank foar Dorien de Vries. Hy wie ek de coach fan it 470 frouljusteam Marcelien de Koning en Lobke Berkhout, dy't trije kear wrâldkampioen waarden.
Neffes Koops is Lobke Berkhout, de meast suksesfolle sylster fan Nederlân 'in echte bitch'. As je medaljes winne wolle, moatte je in bitch wêze kinne, sa seit Koops.