FK fierljeppen sneon op Omrop

10 aug 2012 - 15:12
  • FK fierljeppen

It FK fierljeppen yn Winsum kin sneon by Omrop Fryslân op de foet folge wurde op tv, ynternet en radio. It FK is sûnder mis de wichtichste fierljepwedstriid fan it jier. Alle ljeppers sjogge der it hiele seizoen nei út. Meitsje de favoriten harren namme wier, of komt der in ferrassing út de bus? Lykas ferline jier yn de topklasse, doe't Thewis Hobma de favoryt Bart Helmholt de baas bleau. En hoe fier soe der dit jier ljept wurde?

Omrop Fryslân stjoert op sneon 11 augustus de wedstriid rjochtstreeks út op tv fan 14.30 oere oant de ein.

It kommentaar wurdt fersoarge troch Freark Wijma en Klaas Haanstra. De tv-útstjoering is ek op ynternet te besjen op ús temakanaal Omroplive.nl. De radio is der fansels ek by mei Koos Wieling as ferslachjouwer. Fan 13:00 oere ôf oant de ein, streekrjocht yn it programma Simmer yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)