Saak Aswintha: 18 jier en TBS

10 aug 2012 - 14:13

De man(43) dy't Aswintha Dijkstra út Snits fermoarde hat, krige freed yn heger berop 18 jier sel en TBS. Dit is deselde straf dy't de rjochtbank him earder ek oplei. Aswintha Dykstra waard yn juny ferline jier mei 17 messtekken om it libben brocht yn har hûs oan de Partuerstrjitte yn Snits.

It gie om de suster fan de eks-frou fan de fertochte. De man wie op syk nei syn bern en eks-frou. Hy gie yn heger berop om't er fûn dat de selstraf fan de rjochtbank fierstente heech wie. It gerjochtshôf gie dêr net yn mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)