Van Zetten by huldiging Epke

10 aug 2012 - 11:35
  • Hans van Zetten op syn kommentaar-posysje yn Londen

Turnkommentator Hans van Zetten is nije wike freedtejûn de gasthear by de huldiging fan Epke Zonderland op De Lemmer. Van Zetten krige in protte lof foar de wize wêrop't er ferslach die fan de gouden turnoefening fan Epke.

It is freed de twadde gemeentlike huldiging foar Zonderland. Ien dei earder wurdt er op It Hearrenfean yn it sintsje set. It programma op De Lemmer begjint mei in rûnfeart, wêrnei't Epke op it plein foar it gemeentekantoar huldige wurdt.

By de huldiging op De Lemmer is ek waarnimmend kommissaris fan de keninginne Schokker oanwêzich. Lykas Epke wurdt ek Céline van Gerner twa kear huldige. Céline wurdt woansdeitejûn yn it sintsje set yn Emmeloard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)