Froulju op 'e fûst yn Ljouwert

Boeien © ANP XTRA
In ynwenster (26) fan Ljouwert is tongersdei oanhâlden foar mishanneling fan in plakgenoate (47). It slachtoffer sei wat tsjin it bern fan de dieder, wêrnei't dy har yn it gesicht sloech. It slachtoffer rekke troch de klap ferwûne en moast troch in dokter behannele wurde.
De 26-jierrige Ljouwerter is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Tsjin har is proses- ferbaal opmakke.