52 oanhâldings yn 'e Snitswike

10 aug 2012 - 10:02

Der binne yn de Snitswike mei-inoar 170 bekeuringen útdield en 52 minsken oanhâlden. De boetes waarden útdield foar ûnder oare it drinken fan alkohol op strjitte en wyldpisjen. Foar it earst moasten dit jier de boetes fuortendaliks betelle wurde.

De oanhâldings wiene ûnder oare foar mislediging, drugsdeale of iepenlike geweldpleging. De plysje is oer it generaal tefreden oer it ferrin fan de Snitswike. Der is tafersjoch hâlden yn sawol de stêd as op it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)