Gjin brûns foar Richard Schuil

It is beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor tongersdei net slagge om op de Olympyske Spelen in brûnzen medalje te winnen. De Letske tsjinstanners wiene yn trije sets te sterk foar de Nederlanners.
Schuil en Nummerdor wûnen wol de earste set mei 21-19, mar de Letten Plavins en Smedins kamen goed werom. Se pakten de twadde set, ek mei 21-19. Yn de spannende beslissende set gong it oant 8-8 lyk op. Dêrnei makke it Nederlânske duo in pear flaters en gong it brûns mei 15-11 nei Letlân.
Schuil en Nummerdor hiene yn de pûlfaze ek al fan de Letten ferlern. Foar âld-Ljouwerter Richard Schuil en syn maat in soer ferlies. De 39-jierrige Schuil wûn yn 1996 mei it Nederlânske sealfollybalteam it goud yn Atlanta by de Olympyske Spelen.