Siik fan riden op de Frysker

06 des 2011 - 11:55

Tsientallen bussjauffeurs fan busmaatskippij Connexion binne siik fan it riden op de minybussen fan it merk Frysker. Se hawwe lêst fan de nekke, rêch, heupen, knibbels, earms en se hawwe pineholle. Dat komt troch de minne fearing fan de buskes, de lytse kabine en de stoel dy't net goed ynstelber is.

Guon sjauffeurs nimme alle dagen medisinen tsjin de pine. Der binne sjauffeurs dy't net mear as twa oeren op de Frysker ride meie fan de dokter. FNV Bondgenoten stapt nei de rjochter as Connexxion net binnen fjouwer wike tiid mei maatregels komt. It fakbûn stelt de busmaatskippij ferantwurdlik foar de gefolgen fan de minne arbeidsomstannichheden. Ferfiersbedriuw Connexxion seit yn in reaksje der alles oan dien te hawwen om de klachten oer de buskes op te lossen. Ien fan dy maatregels is it beheinen fan de tiid dat in sjauffeur op de Frysker hoecht te riden. De buskes binne doedestiids boud by VDL/Berkhof op It Hearrenfean. Dit bedriuw fynt it hiel ferfelend dat der klachten oer de bussen binne en wachtet fragen fan Connexxion ôf.

Trefwurden: 
bus sjauffeurs siik Frysker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)