Snits kampioen, Lemmer earste

09 aug 2012 - 16:42

Snits is tongersdei kampioen fan it SKS-skûtsjesilen 2012 wurden. Yn de wedstryd op 'e Lemmer einige de Sneker Pan fan Douwe Visser as twadde mar dat wie genôch om him ien wedstryd foar de ein kampioen neame te meien. Hy kin net mear ynhelle wurde. It is it sânde kampioenskip foar Douwe Visser.

It Lemster skûtsje mei skipper Johannes Meeter kaam tongersdei op it thúswetter as earste oer de finish. Tred waard Grou, fjird Boalsert. Freed is de lêste wedstryd op 'e Snitsermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)