Harnzer útlevere oan Dútslân

09 aug 2012 - 15:42

In 35-jierrige ynwenner fan Harns is fan 'e wike útlevere oan Dútslân. Hy wurdt derfan fertocht in auto mei in molotov-cocktail yn 'e brân stutsen te hawwen. Ek soe er ien tsjin in hûs oansmiten hawwe. It giet om Rein Z. Deselde man dy't yn 2009 in plysje-aginte swier mishannele yn Ljouwert. Hy waard doe feroaldiele ta trije jier sel.

Koartlyn wie Rein Z. ek noch belutsen by in sjitpartij yn Harns. Hy waard dêr oanfallen troch ûnder oaren in 48-jierrige ynwenner fan Frjentsjer.

Trefwurden: 
Harns Dútslân Rein Z.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)