Graffity-evenemint fytstunnel

09 aug 2012 - 15:28

De fytstunnel ûnder de A7 by Drachten is sneon de lokaasje fan in graffity-evenemint. Sa'n 30 graffitykeunstners binne frege om in stik fan de tunnel tusken de Martin Luther Kingsingel en it Suderein te bespuitsjen. Se moatte har dêrby oan it tema Comic Style hâlde.

Doel is dat er alle jierren in graffity-evenemint yn de tunnel hâlden wurdt. Dêrbûten is it net tastien om der graffity te spuitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)