Soad oanmeldings beachfollybal

09 aug 2012 - 15:20

It súkses fan de Nederlânske beachfollyballers Nummerdor en Schuil op de Olympyske Spelen is goed foar de ûntwikkeling fan de sport hjir yn Fryslân. Dat seit trener en beachfollybal-ûndernimmer Arno van Solkema. De âld-follyballer hat op ferskate plakken fjilden oanlein en sjocht dat in soad jongeren har oanmelde foar beachfollybal.

Der binne no ûnder oare fjilden op It Hearrenfean, De Lemmer, Snits, Drachten en De Jouwer. Doel is no om ek in goed kader op te setten sadat der kompetysjes ûntstean kinne.

Nummerdor en Schuil spylje tongersdei om 20.00 oere om de brûnzen medalje.

Trefwurden: 
beachfollybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)