Tongersdei huldiging Epke

09 aug 2012 - 12:56

Olympysk kampioen Epke Zonderland wurdt takom wike tongersdeitejûn om kertier foar njoggenen huldige yn syn wenplak It Hearrenfean. De medaljewinner komt earder yn 'e wike al werom nei Nederlân, mar mei earst noch op besite by ûnder oare premier Rutte. It is de bedoeling dat Epke tegearre mei Celine van Gerner huldige wurdt. Van Gerner waard 12e yn de mearkamp finale by de froulju.

De Olympiërs krije earst in rûnrit troch it sintrum fan It Fean en wurde dêrnei op de Oude Koemarkt huldige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)