Fragen oer gasboarrings Blije

09 aug 2012 - 12:36

De PvdA yn de Steaten en yn de Twadde Keamer wol opheldering oer plande gasboarrings by Blije. Neffens de partij bin der troch de wize fan boarjen grutte risiko's foar omwenners en it miljeu.

De NAM wol bij Blije gebrûk meitsjen fan fracking. In technyk wêrby't op grutte djipte skuorkes yn de gashâldende stiennen makke wurdt. Dat is neffens de PvdA gefaarlik. Sa is der op guon oare plakken dêr't de technyk brûkt wurdt sprake fan fersmoarging fan it grûnwetter.

Trefwurden: 
Blije gasboarrings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)