Rydbewiis frou Ychten ynnommen

© ANP XTRA
In 59-jierrige frou fan Ychten is woansdeitemiddei har rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen de frou riden en namen it beslút har te kontrolearjen. Doe't se de frou oansprutsen koene de aginten alkohol rûke. De automobiliste is oerbrocht nei it plysjeburo foar in azemtest. Dêrút die ek bliken dat de frou medisinen brûkt hie dy't it riden beïnfloedzje kinne. Tsjin de frou is proses-ferbaal opmakke.