Ljouwerter stelt en byt

09 aug 2012 - 10:48

De plysje fertinkt in 29-jierrige Ljouwerter fan stellerij en mishanneling. De man soe op 17 maaie yn Burgum de telefoan fan in 16-jierrige jonge út dat plak stellen ha. Hy woe dêrnei fuortride op syn scooter. In frou dy't besocht dat foar te kommen, waard troch de Ljouwerter yn 'e hân biten. It slagge de man dêrnei dochs noch te ûntkommen. Op grûn fan beskriuwings fan de slachtoffers koe er woansdei oanhâlden wurde. Hy is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
stellerij bite
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)