Ljouwerter smyt bierfleskes

09 aug 2012 - 10:32

In 44-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat woansdeitejûn in boete krigen om't er mei bierfleskes oan it smiten wie. De man smiet de fleskes út syn boppewenning nei ûnderen ta. Dêrtroch krige in foarbykommende auto in lekke bân.

De plysje waard belle om de man oan te hâlden. De fertochte fersette him dêr bot tsjin. Hy is úteinlik oerbrocht nei it plysjeburo dêr't er in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)